Sneon 13 febrewaris, Twadde kâns foar twaddehâns | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard| Musyk nei
Twadde kâns foar twaddehâns
Yn 2026 brocht de Burdaarder toanielferiening har lêste stik 'Kluchten en Kueren' op de planken. Yn 2027 is it wer safier. Dan spilet ' Op, mar net út 'e hichte’: Twadde kâns foar twaddehâns. Hendrik van der Heide is wer as regisseur. It is syn fjirde stik yn suksesje.Tusken 2014 en 2018 en yn 2024, 2025 & 2026 swaaide er ek al de skepter oer de Burdaarder ploech.
Oer it stik
Fernuverje jo je der ek wolris oer, dat der by “Tussen Kunst en Kitsch” tige weardefolle objekten ûntdutsen wurde, dy’t foar in pear euro yn in omrinwinkel kocht binne. Trea en Lolo fernuverje harren dêr ek oer, mar wat noch slimmer is, dat is dat harren eigen omrinwinkel dizze flater makke hat.
De eigneresse, Trea, beslút ta it nimmen fan maatregels, troch de deskundige Fan Dongeren yn te hieren. Mar is dit wol de juste persoan foar dizze opdracht.
Yn dy tiid komt der in ekstra help yn de winkel, yn de persoan fan Dolf.
Mar hat Trea dêr wol in goede set mei dien? Om it trelit yn de winkel kompleet te meitsjen, rint in troud pear de winkel yn en út mei harren húsrie, wurde skilderijen wiksele, komt de húsbaas del, dy’t foar it pand hiel oare plannen hat.
De ferkeap giet gewoan troch, mar ûnderwilens gean de meast frjemde dingen oer de toanbank.
Opnij in klucht wêr’t jo je de bûsen by útskuorre, skreaun troch Henk Roede, dus in garânsje foar in hilaryske opfiering.
Bestellen
Regulier