De man van dyn Libben

  • 14 December 2019 20:00
  • MFC Het Spectrum
  • € 19,00
De man van dyn Libben

In tragikomeedzje fol leafde en wraak, skreaun troch Arthur Japin n.o.f. syn boek ‘De man van je leven.’ Yn it Frysk oerset troch Marijke Geertsma mei as spilers: Jan Arendz, Marijke Geertsma en Anke Bijlsma Rezjy: Bruun Kuijt. ‘De man fan dyn libben’ giet oer in frou dy’t siik is en net wer better kin. Om har man goed achter te litten, siket se in nije leafde foar him. Sy set dêrom in kontaktadfertinsje en der komt in kreaze jonge frou op ôf. Kin net moaier, soene je tinke. Mar dan blykt dat har man en dy jongere frou elkoar al kenne en komt de fraach om de hoeke: wat foar spul wurdt hjir eins spile en wa hâldt wa no foar de gek? Neat is wat it liket…