Toaniel Burdaard - De trein nei San Antonio 9 feb.

  • 9 February 2020 15:00
  • MFC Het Spectrum
  • € 8,50
Toaniel Burdaard - De trein nei San Antonio 9 feb.

Nocht oan in jûntsje puere ûntspanning, nocht om in jûntsje hearlik te laitsjen? Kom nei de opfiering fan de Burdaarder toanielploech Op, mar net út ‘e hichte dit jier ûnder rezjy fan Johannes Keekstra fan Lytsegeast. Spile wurdt De trein nei San Antonio. De namme seit it al. It stik spilet him ôf yn it wylde westen fan Amearika. It dekôr is in sfearfol antyk treinstasjon en op toaniel steane allerhande sprekkende en karakteristike personaazjes: in ûnderdienige, mar seker net gekke stasjonssjef, in dranksuchtige non, in soad cowboys en yndianen en dan is der noch Tom Dooley dy't hingje moat foar de moard op syn frou en efterneisitten wurd troch de pleatslike autoriteit Sheriff Miller. Wy treffe jim graach op it treinstasjon fan San Antonio.