lêzing 150 jier Frysk amateurtoaniel

€ 5,00
zo 17 feb 2019 - 15:00
MFC Het Spectrum, Burdaard
Deur open 14:45
Ja, geldautomaat buiten aanwezig

Hast elk grutter Frysk plak hat wol in eigen toanielferiening. Dy spilet yn Fryslân meast Frysktalige stikken. Fryske toanieldialogen waarden yn de 17de iuw al skreaun, dat wy hawwe te krijen mei in lange tradysje.

Yn 1860 waard it earste Fryske toanielstik opfierd en dat wie yn Hallum yn hotel De Valk. Dat wie ek it begjin fan it Fryske Wintejûnenocht. Ut har wenplak Holwert en Burgum wei teagen Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen nei doarpskroegen en –herbergen yn Fryslân om ferdivedaasje en learing te bringen.

It wie ek de tiid dat de earste doarpstoanielferieningen oprjochte waarden. Sy koene har fan 1918 ôf organisearje yn it Boun fan Fryske toanielselskippen. Tsjintwurdich is dy rol weilein foar STAF, de Stifting Amateurtoaniel Fryslân.

Yn de 20ste iuw koe it toaniel fierder groeie en kamen de nije sjenres op, tink mar oan lokaasjeteater, kabaret, toaniel oars as kluchten en it professioneel selsskip Tryater (1965).

Wolle jo mear witte oer de lange tradysje fan it doarpstoaniel yn Fryslân, oer wa’t de liedende figueren wiene en wat der sa al spile waard, oer de funksje  fan doarpstoaniel foar de mienskip en foar ús Fryske taal? Dan binne jo wolkom by de lêzing fan Babs Gezelle Meerburg op snein, 17 febrewaris om 15 oere yn it MFC Het Spectrum, Skoallestrijtte 12, 9111 HH Burdaard.

Babs Gezelle Meerburg is learare-oplieder Nederlânsk Frysk oan NHLStenden hegeskoalle. Sy promovearre earder op it mêd fan literatuerskiednis.

 

 

 

 Mobiel scannen mogelijk. Dit houdt in dat uw E-tickets kunnen worden gescand vanaf uw smartphone.