Toaniel Burdaard 'De kat yn de kelder'

€ 10,00
za 9 feb 2019 - 20:00
MFC Het Spectrum, Burdaard
Deur open 19:30
Ja, geldautomaat buiten aanwezig

It stik De Kat yn de kelder is skreaun troch de Belch Pol Anrys en yn it Frysk oerset troch Gurbe Dykstra.

Ald-majoar Evert, lit de kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn syn kelder wenje. De famylje siket in plak, omt har eigen hûs ôfbaarnd is troch de binnendoar-barbecue. Serafine, de soere suster fan Evert, is poer op dizze útfanhûzerij tsjin.
De famylje de Kat bestiet út heit Feliks, mem Sylvia, dochter Kim en beppe. Sy wolle earst net yn de kelder wenje oant se der achter komme dat se dan flak nêst de bank wenje. Feliks sjocht de jackpot wol sitten en hy beslút út de kelder wei in tunnel nei de bank ta te graven. Dit wurdt fansels in nuodlike ûndernimming en it smyt de iene hilaryske situaasje nei de oare op, ek al om’t beppe prachtich út ‘e hoeke komme kin. Boppedat wurdt Kim fereale op Sven, dy’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt, mar Kim liket de Majoar ek gâns op te winen. Serafine siket om de kat dy’t samar weiwurden is en wat moat dat drumstel yn ‘e kelder? Uteinliken liket it plan fan Feliks te slagjen en komt de majoar mei in grutte ferrassing út de hoeke.

 

 

 

 Mobiel scannen mogelijk. Dit houdt in dat uw E-tickets kunnen worden gescand vanaf uw smartphone.