Klún en Knoffelhakke

€ 5,50
vr 20 mrt 2020 - 20:00
Niet van toepassing
MFA de Ynset
Deur open 19.45 uur
Leeftijd: Niet van toepassing
Aanwezig

It Fryske teaterduo Klún en Knoffelhakke spilet freed 20 maart 2020 om 20.00 oere yn MFA de Ynset te Holwerd.

Klún en Knoffelhakke bestiet út de spilers Broer Douma en Hendrik van der Heide út Hantum. Sûnt 1994 binne se op’n paad mei harren jûnsfoljende programma’s en dat slacht oan, want Klún en Knoffelhakke binne alle wiken wol earne op in poadium te finen. Sa stadichoan komt it duo troch hiel Fryslân en oeral is it fleurich en gesellich.

De programma's fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkeskabaret, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy't Klún en Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen. It duo hat eins mar ien doel: de minsken in noflike jûn besoargje!

Ticketprijs MGTickets: € 5,50,-

MFA de Ynset
De Morgenzon 7
9151 KM Holwerd