25 jaar Klún & Knoffelhakke

€ 15,00
za 28 mrt 2020 - 20:15
Sense Dokkum
Deur open 19.30
Let op, geen pin aanwezig
Yn 1994 binne Broer Douma en Hendrik van der Heide, doe beide út Hantum, mei teaterduo Klún & Knoffelhakke begûn. Fiif optredens bûten harren eigen doarp wie doe it doel. Mar dat is folslein út de hân rûn! No, 25 jier letter en sa'n 1000 optredens rûnom yn Fryslân fierder, is it duo noch hieltyd aktyf. 
By dizze 25 jier wolle se mei dizze ienmalige foarstelling stilstean. Yn dizze spesjale show, mei in ynteraktyf karakter en bysûndere gasten litte se sjen wat der sawol foar as achter de skermen te belibjen wie. 
Bestel fluch kaarten en tink fêst nei oer wat yn de ôfrûne 25 jier de leukste sketskes wiene…

 

 

 

 Mobiel scannen mogelijk. Dit houdt in dat uw E-tickets kunnen worden gescand vanaf uw smartphone.