'Pak de koffers mar wer út, leave'! | Freed 13 febrewaris 2026

  • 13 February 2026 20:00
  • Eltsenien is wolkom
  • Tonielselskip Het Nieuwe Leven
  • € 10,50
'Pak de koffers mar wer út, leave'! | Freed 13 febrewaris 2026

Let op!: Jo keapje kaarten foar de tonielútfiering fan 13 febrewaris om 20.00 oere. 

De seal gjit om 19.15 oere iepen

Tonielselskip 'Het Nieuwe Leven' te Ingelum spilet op freed 13 febrewaris en sneon 14 febrewaris

Op sneon is dr muzyk en dûnsjen nei mei 'Zachte Berm'!


Pak de koffer mar wer út, leave!

(Pak de koffer maar weer uit, schat!)

In blijspul ym trije bedriuwen fan Jan Tol en Astrid Baijs,
De fryske oersetting is fan Siep Jorna

Robertus van der Heyde wol mei syn freondinne Corrie in leuk wykein hawwe.
Dêrom hat er syn frou wiis makke, dat er in kursus folgje moat. Hy lit syn sekretaresse in keamer reservearje yn in hotel, mar dat blykt net sa tûk te wêzen. As er mei Corrie yn it hotel arrivearret, komme se dr gau efter, dat syn frou op harren keamer yn it hotel sit! It needlot twingt harren echter doch yn it hotel te bliuwen, wol op in oare keamer en ûnder in oare namme. Dan begjint it, wa is wa, wa heart by wa, wêr is hy, wêr is sy….It is net foar neat, dat de ober op in bepaald stuit op in stoel delploft en seit: “Ik sjoch it allegearre net mear sitten”…