Zondag 1 februari: Huske oan see (Dinnershow)

  • 1 February 2026 16:30
  • Geen minimale leeftijd
  • De Vriendenkring Twijzel
  • € 45,00
Zondag 1 februari: Huske oan see (Dinnershow)

Jaap en Ellen hawwe in húske oan see boekt op in fakânsjepark. Jaap hat dit dien fia in tige foardielige webside en hat de lytse letters net lêzen. It fjouwerpersoanshúske moat nammentlik dield wurde mei oare fakânsjegongers.

 

Thomas en Fiona hawwe har al ynstallearre yn it weninkje en se hawwe gjin inkeld probleem mei it moatte dielen fan it húske. Jaap komt der al gau efter dat Thomas en Fiona sowieso fan it dielen binne. It koppel hat in iepen relaasje en hie ôfpraat it wykeintsje tegearre troch te bringen mei in oar koppel, yn it húske dernjonken. Tegearre mei dit koppel it húske diele gie lykwols net, oansjoen it oare koppel har fan neat witende skoanmem mei hawwe.

 

Foar Jaap giet in wrâld iepen, mar Ellen sjocht alles mei ôfgrizen oan. Dit is nammentlik net it libben wat har dûmny elke snein fanôf de priedstoel ferkondget. Mar wat wol it tafel, de dûmny en syn frou hawwe ek in wykeintsje boekt op it park, wêrtroch Ellen mei har geastlike need by de juste persoan telâne komme kin, of dochs net?