Freonen?! vrijdag 20 maart 2026

  • 20 March 2026 20:00
  • TOANIELFERIENING “IT MOAT KINNE”
  • € 17,50
Freonen?! vrijdag 20 maart 2026

Oer it stik:

‘’Wannear bist freonen dy’t inoar net mear alle dagen hoege te sjen, en wannear bist gjin maten mear?’’

Wat hawwe in plastysk sjirurch, in taksysjauffeur, in boer, in handikapte persoan en in gymleraar mei-inoar mienskiplik? Alles, sa docht bliken as de âlde freonen inoar wer moetsje by harren jierlikse Wolfpack-reüny. Wêr’t de jonges yn harren wylde jierren earder alle dagen byinoar wiene, bart dat no noch heechút ien kear yn it jier. By de reüny is it wer âlderwetsk narjen en pleagjen, opskepperij, krimmenearjen en goedmeitsjen, mar boppedat foaral in protte wille meitsje en bier drinke.

As oft it sa wêze moast, fynt der dit jier tidens de reüny in folsleine moannefertsjustering plak. Dat soarget foar in dynamyk dy’t hast oan dynamyt grinzet… Mar as ien foarstelt om in spultsje te dwaan – alle tillefoans op ’e tafel en alles wat binnenkomt lûdop foarlêze – komt de spanning yn in streamfersnelling. De jonges swarden eartiids, mei tsien hannen op in kist bier, dat se alles diele soene en gjin geheimen hawwe soene. Jildt dat anno 2026 noch altyd?

In jûnfoljende toanielfoarstelling sil brocht wurde troch toanielferiening It Moat Kinne Broeksterwâld en De Falom.



Locatie: Dorpshuis "De Pipegael" (vrije zitkeuze grote zaal)

Adres: Ds Feitsmawei 1

Plaats: Broeksterwâld