Gurbe Douwstra - Ald en (heal)wiis

  • 14 February 2026 20:00
  • Nee
  • De Schierstins
  • € 21,00
Gurbe Douwstra - Ald en (heal)wiis

Gurbe Douwstra is tagearre mei Jan de Vries te gast mei it programma ´Ald en (heal)wiis´. 
Mei nije lietsjes, ferhalen en anekdoates, mar fansels ek âldere bekende en minder bekende lietsjes út syn repertoire. Diskear fanút de gedachte of it wol kloppet dat it ferstân mei de jierren komt, of dat je hieltyd wer deselde flaters meitsje. Of is it mear: hoe âlder hoe gekker? Mei fleur en faasje, út en troch beskôgjend en kritysk en somtiden wat mankelyk. Mar fansels ek mei in oantal fan syn‘hits’.