Snein 2 maart, Première Kâlde Kak en tatoeaazje | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard

  • 2 March 2025 15:00
  • Op, mar net út 'e hichte
  • € 10,00
Snein 2 maart, Première Kâlde Kak en tatoeaazje | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard

Kâlde Kak en tatoeaazje

Yn 2024 brocht de Burdaarder toanielferiening har lêste stik 'De treflike Dokter Paul' op de planken. Yn 2025 is it wer safier. Dan spilet ' Op, mar net út 'e hichte’ : Kâlde Kak en tatoeaazje. Hendrik van der Heide is wer as regisseur. Tusken 2014 en 2018 en yn 2024 swaaide er ek al de skepter oer de Burdaarder ploech. 


Oer it stik
Eugene fynt tusken de reklamefolders in brief fan Sjef Bruinsma, in fiere neef. Sjef skriuwt dat hy fan doel is om meikoarten by syn neef del te kommen. It past net dat Sjef komt yn ferbân mei de kommende trouwerij fan dochter Marie-Claire en har ferloofde Willem-Jan. Omdat Sjef syn ûnbekende famylje ferrasse wol, stiet er mei syn frou en slûchslimme soan foar de doar. De famylje Van Sloten is folslein yn panyk as Sjef seit dat er sa'n fjirtjin dagen bliuwe sil. Der folgje allerhande brike situaasjes en ferwikkelingen foar it oan de trouwerij ta is en de famylje Bruinsma wer fuort giet.