Alle ballen op Bertha | Freed 7 febrewaris 2025

  • 7 February 2025 20:00
  • Eltsenien is wolkom
  • Tonielselskip Het Nieuwe Leven
  • € 10,50
Alle ballen op Bertha | Freed 7 febrewaris 2025

Let op!: Jo keapje kaarten foar de tonielútfiering fan 7 febrewaris om 20.00 oere   

De seal gjit om 19.15 oere iepen

Tonielselskip 'Het Nieuwe Leven' te Ingelum spilet op freed 7 febrewaris en sneon 8 febrewaris

Nei it stik is dr romte foar in geselliche neisit en om by te praten 

Alle ballen op Bertha

Bertha Wolters is de eigeneres fan it kafee “De Waarme Bal”. It kafee docht wat sûterich oan en it rûkt nei âld frituerfet en reek fan sigaretten. As Bertha har rike neef Harry syn besite oankundigd, rekket se folslein yn panyk. Se hat him jierren lyn ferteld, dat se een goedrinnend, tige eksklusyf restaurant hat. Hij hie har immers oars nea gjin jild liend foar dizze súteriche kroech, wêr mar een bytsje klanten komme.

No moat Bertha ynienen krekt dwaan lykas hie se in stjerrerestaurant en dêrmei stiet de deistige gong fan saken yn’e kroech behoarlik op’e kop. Stamgast Mieke, dy 't alle dagen delkomt,  moat ynienen de rol fan moaie dame oannimme. Bertha’s ûnhandige freon Job stroffelet fan de iene ramp yn de oare, de swijsume stamgast Hendrik wegeret planút om de kroech te ferlitten en Bertha’s oergeunstige hoareka-buorfrou set ûnrant yn har kroech. Mei in protte ideeën en ferlechjes skynt it Bertha dan dochs te slagjen om har neef derfan te oertsjûgen, dat se in “eksklusyf restaurant” hat. Mar as dy dan ek noch de besite fan in kulinêr resinsint fan it blêd “De Fijnproever” oankundiget, brekt de gaos alsnoch folslein los.