LET OP!: Jo keapje kaarten foar de toanielútfiering op sneon 15 maart 2025 om 20:00 oere.
IN JACHT OP JILD, DY 'T OM IN MOARD NET OERGIET..
Toanielferiening 'Foar ús Wille' Hallum spilet op freed 14 maart, sneon 15 maart en snein 16 maart 2025 in spannende misdied toanielstik: MOARD OAN 'E MAR.
Wy binne yn it lânhûs fan famylje Clayton, heech op ‘e rotsen fan in mar by Kanada. Ellen Clayton rekket fiif moanne lyn nei in slim autoûngelok ferlamme. Har heit John Clayton komt hjirby om it libben en lit har syn hiele fermogen nei. Dit jout in soad skeve gesichten. Ellen har heit hie te witten in nije, folle jongere frou. As Ellen konfrontearre wurdt mei in wol hiel nijsgjirrige nije partikuliere ferpleechster en in nije kreaze dokter, wurdt har libben behoarlik op ‘e kop setten. Wannear ’t de emosjonele spanning oprint, barre der ek noch hiele nuvere, tsjustere en spannende dingen. Dit liedt ta in misdriuw, dy ‘t mar lestich op te lossen liket..
Spilers:
Dokter Lane : Louis de Groot
Ellen Clayton : Hanna Bremer
Karen Clayton : Margriet Lei
Jim : Wytse Wagenaar
Suster Pepper : Joke Talsma
Dokter Phillips : Fokke de Vries
Skriuwer : George Batson
Rezjy : Lucas de Blécourt
Nei ôfrin fan it toanielstik is der in ferlotting mei prizen, dy't beskikber steld binne troch in tal bedriuwen.