Ticket - Eksterne/yntrodusee
1925-2025
It is jim fansels net ûntgien, F.F.J. Bernlef bestiet 100 jier!!
It lustrumjier hat ferskate lustrumaktiviteiten en op it lustrumfestival gean we mei in oar op ‘paad werom’ nei ús moaiste oantinkens fan Bernlef.
We nûgje ús leden, âld-leden en oanhing/yntrodusees/eksternen (just ek at dy gjin lid west hawwe fan ús moaie ferein) út foar dit evenemint!
Middeis fan 16:00 ôf kinst Bernlef spultsjes dwaan en is der û.o. in toernoai bierpulskowe. Jûns fan 19.25 ôf stean ferskate ferneamde artysten fan Fryske boaiem (check de instagram-pagina @lustrum_bernlef) op de planken om tegearre mei ús it dak derôf te feesten!
It barren sil plakhawwe yn Poppenwier en elts krijt de gelegenheid om NEI OPJEFTE foar €15,- mei te iten mei it buffet. Ynskriuwe foar it buffet fia it (aparte) evenemint op de Bernlef side of stjoer mailtsje nei lustrumfestival@bernlef.frl
Der is beheind plak foar parkearjen, dat kom mei de fyts, it OV, taksi of besykje te carpoolen!
Ut Grins wei sil in touringcar in reis fersoargje. Middeis hinne nei Poppenwier en nei ôfrin werom nei Grins. Ynskriuwe fia it (aparte) evenemint op de Bernlef side of stjoer in mailtsje nei lustrumfestival@bernlef.frl
(Let op: dyn ynskriuwing is foar hinne- en weromreis. Op de dei sels jild: Te let foar de bus is te let en dus pech)
Hjir wolst by wêze, dat folgje it stappeplan hjirûnder!
1. Keapje dyn kaarten online (betelje mei iDeal) (ek foar dyn man/frou/18+ bêrn/freonen) (LET OP: aparte kaarten foar eksternen/yntrodusees. Kinst wol yn ien kear ut meardere eveneminten kaarten keapje)
2. Wolst mei-ite? (buffet, €15,-) Skriuw dy yn op it evenemint op de Bernlefside (https://bernlef.frl/frl/evenemint/2025-02-01-buffet-lustrumfestival/ )of mail lustrumfestival@bernlef.frl
3. Wolst mei mei de bus? Skriuw dy yn op it evenemint op de Bernlefside (https://bernlef.frl/frl/evenemint/2025-02-01-bus-nei-it-lustrumfestival/ ) of mail lustrumfestival@bernlef.frl
4. Stjoer in appke of in postdo nei dyn âld-bestjoersgenoaten, freonen, ensfh. om ek te kommen!
5. Begjin dyn feardigens yn bygelyks kaartsjeblaze, spikerslaan, mexxe, toupe en beerpong wer nij libben yn te blazen
6. Folgje @lustrum_bernlef op instagram! Dan bist as earste op de hichte fan de artysten en oare wichtige saken!