Sneon 09 maart. De Treflike Dokter Paul | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard | Musyk nei

  • 9 March 2024 20:00
  • https://www.itspektrum.nl/
  • € 10,00
Sneon 09 maart. De Treflike Dokter Paul | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard | Musyk nei

De Treflike Dokter Paul

Yn 2023 brocht de Burdaarder toanielferiening har lêste stik 'In gekkehûs yn 't sikehûs' op de planken. Yn 2024 is it wer safier. Dan spilet ' Op, mar net út 'e hichte’ : De Treflike Dokter Paul. Hendrik van der Heide (ús eigen Heintje Davids) is werom as regisseur. Tusken 2014 en 2018 swaaide er ek al de skepter oer de Burdaarder ploech. 

Oer it stik
Mei fleur en faasje set Dokter Paul út ein op syn earste wurkdei as bistedokter yn syn eigen praktyk. Al rap docht bliken, dat syn foargonger, Dokter Vermeulen, der wol gauris putsjes by die en it net sa nei naam mei de etyk. De tichtstbywêzende húsdokterspraktyk is nammentlik in hiel ein fierderop. De measte ynwenners fan it doarp hawwe neat op de illegale praktyken fan Vermeulen tsjin. Mar assistinte Lysbet is net op de hichte brocht troch de âlde dokter. En dat is ek mar better.

Mar dat is net it iennige dêr’t de nije dokter mei tangele sit. Ek syn ex Rita, is hy slim ferlegen mei, want sy docht alle war om him werom te krijen.

En sa moat dokter Paul it iene medyske probleem nei it oare ta in goed ein bringe. Wylst ûnderfining en kunde te koart sjitte. Sa hawwe Arie en Corrie relaasjeproblemen en falle Paul dêr mei lêstich, mar dêr is Paul yn de fierste fierte gjin master yn.  Syn adfyzen geane dan ek earder de ferkearde, as de goeie kant op.

Bearn, de biologylearaar hat in kuer nedich, mar dat pakt ek al hielendal ferkeard út.....  Rebecca komt geregeld del, mei har kat yn in kuorke , mar giet it no om de kat of om wat oars? Allinne Willemyn komt wol echt mei bisten del, mar dat is in ferhaal apart.

Eintsjebeslút is der noch de postrinner, dy’t fan alles op de hichte bliuwe wol en dêrom fan tefoaren alle post lêst.

Hoe moat dizze tizeboel ta in goed ein komme?