Hommeles | 23 juny

  • 23 June 2023 20:00
  • 4
  • Masquerade Theater Jongerein
  • € 10,00
Hommeles | 23 juny

Stel datst ynienen krimpst en sa lyts wurdst as in ynsekt. Wat soest dan dwaan?


Dit oerkomt Erik, in aardige en tûke jonge út groep 7. Moarn hat er in sprekbeurt oer biodiversiteit. As hy besiket de lêste dingen yn syn holle te stampen falt er yn ‘e sliep. Ynienen wurdt er wekker makke troch in nijsgjirrige bij, dy’t Maja hjit. Dreamt er dit of is it echt?

Erik moetet yn syn tocht allegear ferskillende ynsekten dy’t him sjen litte dat se, hoe lyts se ek binne, allegear fan belang binne om de natuer yn balâns te hâlden. De ynsektewrâld blykt dochs oars en gefaarliker te wêzen as yn syn sprekbeurt.

Der driget in grut gefaar. It libben fan it bijefolk stiet op it spul. Erik besiket mei Maja en syn oare nije freonen de koer te rêden. Sil dit harren slagje? 

Kom, sjoch en belibje dit spannende aventoer mei ús mei by it tsienjirrich jubileum fan Masquerade Theater Jongerein!


‘Hommeles’ is losjes basearre op ‘Erik of het klein insectenboek’ en ‘De avonturen van Maja de Bij’ en is oanfolle mei nije ferhalen, betocht troch de jonge teatertalinten fan Masquerade Theater Jongerein.


Spyldata:

freedtejûn 23 juny
sneontejûn 24 juny
sneintemiddei 25 juny (matinee)

freedtejûn 30 juny
sneontejûn 1 july
sneintemiddei 2 july (matinee)

Bern oant en mei 5 jier meie fergees nei dit iepenloftspul!