Freed 17 feb. In gekkehus yn 't sikehus | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard

  • 17 February 2023 20:00
  • https://www.itspektrum.nl/
  • € 10,00
Freed 17 feb. In gekkehus yn 't sikehus | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard

In 2020 bracht de Burdaard toanielferiening haar laatste stuk 'De trein nei San Antonio' op de planken. In 2023 is het weer zover. Dan speelt  'Op, mar net út 'e hichte' út Burdaard: In gekkehus yn 't sikehus. Het is het regiedebuut van Wytske Kooistra. 


Oer it stik: 

It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak - fanwege in ferbouwing – wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok wêr’t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik, en suster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder Ernst – Paul en de sullige, âlde en trage suster Bep. Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny en Ilona, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen, krekt fan de OK, is – seker it earste bedriuw – gjin drege pasjint. Kuperus is dêrfoaroer in pasjint dy’t in bulte noaten op ‘e sang hat en is faaks ek net de man wêr’t er him foar útjout. Frou Visser is leaf, mar se is sa doof as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Dêr komt noch by dat se alletrije graach by it rút lizze wolle, en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13. Mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde...?