Première In gekkehus yn 't sikehus | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard

  • 12 February 2023 15:00
  • https://www.itspektrum.nl/
  • € 10,00
Première In gekkehus yn 't sikehus | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard

In gekkehûs yn ’t sikehûs

Yn 2020 brocht de Burdaarder toanielferiening har lêste stik ' De trein nei San Antonio ' op de planken. Yn 2023 is it wer safier. Dan spilet ' Op, mar net út 'e hichte’ : In gekkehûs yn 't sikehûs. It is it rezjydebút fan Wytske Kooistra.

Sûnt septimber 2020 is de ploech fan regisseur Wytske Kooistra, dan wol wer en dan wer net,  oan it oefenjen, mar trije kear is skippersrjocht. Yn febrewaris 2023 stiet de toanielferiening fan Burdaard wer op de planken mei: In gekkehûs yn 't sikkehûs.

Oer it stik

It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak - fanwege in ferbouwing – wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok wêr’t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik, en suster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder Ernst – Paul en de sullige, âlde en trage suster Bep. 

Skjinmaksters

Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny en Ilona, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen, krekt fan de OK, is – seker it earste bedriuw – gjin drege pasjint. Kuperus is dêrfoaroer in pasjint dy’t in bulte noaten op ‘e sang hat en is faaks ek net de man wêr’t er him foar útjout. Frou Visser is leaf, mar se is sa doof as in kwartel. En dat is net altyd even maklik.

Dêr komt noch by dat se alletrije graach by it rút lizze wolle, en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13. Mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde…?