Burdaarder Toaniel Op, mar net út ‘e hichte: In Gekkenhûs yn 't Sikenhûs

  • 4 February 2022 20:00
  • Alle leeftijden
  • It Spektrum
  • € 10,00
Burdaarder Toaniel Op, mar net út ‘e hichte: In Gekkenhûs yn 't Sikenhûs

It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak - fanwege in ferbouwing – wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok sûnder fasiliteiten. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik, en suster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder Ernst-Paul en de sullige, âlde en trage suster Bep. Ut need wurde beide skjinmaksters, Janny en Ilona, frege har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen, krekt fan de OK, is – seker it earste bedriuw – gjin drege pasjint. Kuperus is dêrfoaroer in pasjint dy’t in bulte noaten op ‘e sang hat en is faaks ek net de man wêr’t der him foar útjout. Frou Visser is leaf, mar sa dôf as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Dêr komt noch by dat se alletrije graach by it rút lizze wolle, en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer geregeld in rûntsje oer seal 13. Mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde…? 


In klucht fan Jan Derene yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra. In hiel protte wille wurdt garandeare! Sneon 12 febrewaris fersoargje wy nei ôfrin live muzyk.