Tryater 'vader en zoon'

  • 6 November 2021 20:15
  • Sense Dokkum
  • € 19,50
Tryater 'vader en zoon'

Joop en Mads Wittermans spilen 20 jier lyn Vader en zoon bij Theater v/h Oosten. Sân skriuwers skreaunen yn alle frijheid sênes fan it tema ‘heit en soan’ út; it stik waard regissearre troch Matthijs Rümke (1954-2015).

Yn de foarstelling fan doe rûn heit tsjin de midlifekrisis oan en soan wegere, nettsjinsteande de ynspanningen fan heit, om te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Yn dy toernee ûntstie it idee om yn in fiere takomst - as de soan tsjin de midlifekrisis oansjocht en heit yn it âldereinhûs lak hat oan regels en de maatskippij - op ’e nij in toanielstik te meitsjen op dizze wize. Dy tiid is no oanbrutsen! 

Vader en zoon is foar it grutste part Nederlânsktalich mei sa no en dan Frysk.