Echt wier!

  • 19 November 2022 20:15
  • Sense Dokkum
  • € 22,00
Echt wier!
As je lang byelkoar binne, dan falt der wolris in stilte.
In stilte dy’t hieltyd langer duorret, omdat it measte al sein en ferteld is.
Mar as de relaasjeterapeut dan wol, dat je ferplicht in oerke deis mei elkoar
prate, dan dogge je dat, dan geane je der foar sitten.
Dan komme de ferhalen, miskien sels wol de geheimen, noch noait earder
ferteld. Dan lokket it ien it oare út en dan docht ek bliken dat hoe lang je ek
byelkoar binne net alles sein en ferteld is.
Echt Wier! is in foarstelling mei ferhalen en anekdotes oer deistige saken, oer
trou en iensumheid, oer opromje en bewarje, oer sliepe en wekker lizze, oer
waar en wyn, oer doe, oer no, oer aanst.
Jan Arendz en Marijke Geertsma ferbrekke de stilte, fertelle ferhalen en spylje
scènes, komysk en út it libben sels.
In nij oarspronklik Frysk toanielstik fan Bonne Stienstra.
Mei as spesiale gast Frâns Faber, tekenaar, ylustrator en muzikant.
Yn de rezjy fan Bruun Kuijt.