De Riedselman 24 maaie

€ 15,00
vr 24 mei 2019 - 20:30
Oudega
Deur open Teater, kant fan de Gariperwei

Brecht Wassenaar regissearret it iepenloftspul dat Remco Klop skreaun hat foar Aldegea(Sm).

Yn maaie 2019 wurdt it stik De Riedselman fan Aldegea opfierd yn in ta teater omtovere tún oan de Sânbuorren. De kulturele kommisje fan Aldegea fûn it heech tiid foar in tredde Iepenloftspul yn Aldegea. It wie al wer goed 10 jier ferlyn, dat hjir it stik Hector yn de iepen loft opfierd waard. Hja sochten kontakt mei toanielferiening 'Op'e Nij Begoun'. De tonielferiening hapte ta en it siedsje wie plante. Doe moast der in stik komme en nei in tip fan Tamara Schoppert fan Tryater is Remco Klop frege om dat te skriuwen.

In idee foar it stik hie de kommisje al yn gedachten. Hja fûnen in ferhaal út in fier ferline oer in nijsgjirrich manspersoan út Aldegea, dy't rûnom respektearre waard en û.o. ek bekend stie om it feit dat hy sa tûk wie yn it opjaan fan riedsels.

Mei dit gegeven is Remco oan'e slach gong, mei as risseltaat in foarstelling oer Hattum Alleman junior, dy't op in dei om 1808 hinne it beslút nimt alles achter him te litten om op reis te gean. It publyk is tsjûge fan syn fuortgean, wat hy ûnderweis belibbet en foaral oer syn ferbliuw yn Aldegea.

Remco skriuwt yn it Nederlânsk, it stik is oerset yn it Frysk. De rezjy is yn hannen fan de nije regisseur fan 'Op 'e Nij Begoun', Brecht Wassenaar. Nei in oantal ynformaasje jûnen, dêr't in soad belangstellende Aldegeasters op ôf kamen, is it slagge om in moaie ploech spilers gear te stallen. Ek oan frijwilligers dy't op allerhande gebiet ynset wurde kinne, is gjin gebrek. Hja dogge der meiinoar alles oan om it publyk yn maaie in ûnferjitlike jûn te besoargjen. De lokaasje, dêr't it stik opfierd wurdt, is by Jan en Machteld de Vries yn harren smûke tún oan de Sânbuorren nr. 1.

 

 

 

 Mobiel scannen mogelijk. Dit houdt in dat uw E-tickets kunnen worden gescand vanaf uw smartphone.