Swiet en Bjuster

€ 12,50
za 8 dec 2018 - 20:00
De Kruisweg
Deur open 19:30
Pin aanwezig

In jûne yn Grins, de Fordson Dexta Blues, Hein en Besleine rúten (heit mei’k de Jetta wol mei?). Dizze en mear komme foarby op saterje 8 desimber yn de Krúswei Damwâld. 

 

Wylst yn de rest fan Nederlân de dieselauto yn de ban dien wurdt, starte de mannen fan Swiet en Bjuster hun diesel noch in kear op. Enerzjylabel G, en d’r moat sa no en dan wat oalje by, mar fierder rint it as in klokje. 

 

Swiet en Bjuster spilet 20 jier nei dato hun âlde wurk. Gjin reuny, mar gewoan om’t se dêr sin oan ha. Efkes ûnder de minsken. Neist Swiet en Bjuster spylje ek de Bonifatius Bluesband, en 5%Ferdivedaasje. En fansels is d’r in disko. Oant dan! 

 

Foarpret? Doch: mei’k wol oer op facebook!

 

 

 

 Mobiel scannen mogelijk. Dit houdt in dat uw E-tickets kunnen worden gescand vanaf uw smartphone.